Wurkstraf ûnder betingst fanwege yllegaal fjoerwurk

22 feb 2018 - 15:08

In âld-ynwenner fan Beetstersweach hat in wurkstraf fan 60 oeren ûnder betingst krigen fanwege yllegaal fjoerwurk. De rjochter hâlde by de útspraak rekken mei in tal fersêftsjende omstannichheden. Sa wie it al twa jier lyn dat de fertochte betrape waard mei it fjoerwurk op syn keamer. Fierder hat de fertochte in ferstanlike beheining, wêrtroch't er minder tarekkenber is. En by syn arrestaasje gong it der nochal om wei, sadat er úteinlik yn de isolearsel bedarre.

De man is dêrnei oerpleatst nei in ynstelling yn Boschoord. Omdat it yn syn situaasje dreech is om in wurkstraf te dwaan, krige er dy ûnder betingst. It is yn feite in warskôging, seit de rjochter.

Trefwurden: 
fjoerwurk wurkstraf
(advertinsje)