MeM yn oanbou yn Ljouwerter Prinsetún

Yn de Prinsetún wurdt op dit stuit hurd wurke oan in bysûnder gebou: it talepaviljoen MeM. It ûntwerp is in frou (mem) mei twa hollen, om te symbolisearjen dat Friezen twa memmetalen hawwe: it Frysk en it Nederlânsk. Fan maart oant en mei oktober binne dêr allegearre aktiviteiten op it mêd fan minderheidstalen. De folsleine Prinsetún en it Aldehoustertsjerkhôf binne dit jier in Lân fan taal, en de bou fan talepaviljoen MeM is dêryn de lêste grutte stap. It is in inisjatyf fan de Afûk.
Betsjinning yn gebeartetaal
BUOG (Bedenkers en Uitvoerders van Ongewone Gebeurtenissen) is de ûntwerper en útbater fan dit paviljoen. Sy soargje ek foar de hoareka: de betsjinning sil dien wurde troch dôve minsken, want gebeartetaal is ek in taal. It paviljoen sil ein oktober wer ôfbrutsen wurde en dan sil BUOG it wer ferkeapje.
Friese Poort
De bou fan it talepaviljoen wurdt dien troch studinten fan de Friese Poort. Michiel de Wolff is dêr ien fan. Hy fynt it skande dat it gebou nei oktober wer fuort moat. "Wy hawwe der safolle wurk fan hân en it is sa'n moai gearwurkingsferbân mei myn klasgenoaten, dus fan my mei it stean bliuwe. Oars moat skoalle it gebou mar keapje en op it skoalleterrein delsette."