Cambuur sûnder Mathieu tsjin FC Emmen

SC Cambuur-trainer René Hake kin freed net beskikke oer Justin Mathieu. Hy hat siik west en is net op tiid better foar de wedstriid tsjin FC Emmen. De seleksje is fierder foar in grut part fit. De langer blessearre spilers Jurjan Mannes, Karim Rossi, Furdjel Narsingh en Nigel Robertha traine ek wer op it fjild. It duorret noch wol eefkes foar't sy wer spylje kinne. Oer de opstelling wol Hake neat kwyt, ek net oer wa't Mathieu ferfange sil. De ferwachting is dat Xander Houtkoop of Kevin van Kippersluis it plak fan Mathieu ynnimt.
FC Emmen
Tsjinstanner FC Emmen is op it stuit de ploech yn foarm yn de Jupiler League. De lêste fiif wedstriden wisten se te winnen en dêrtroch stiet Emmen boppe-oan yn de tredde perioade. Neffens Hake hat dy ploech de saken goed op oarder. "Ze zijn moeilijk te verslaan. Het is een ploeg die heel goed is in compact bijelkaar spelen en er dan vanuit de omschakeling uit komen. Daarin hebben ze heel veel kwaliteit.'' Dochs ferwachtet de Cambuurtrainer dat syn ploech mear romte krijt om te fuotbaljen as yn de ôfrûne wiken tsjin MVV en RKC Waalwijk.
Bysûndere wedstriid
Foar Hake is it sawiesa in bysûndere wedstriid, om't hy spiler en trainer west hat by Emmen. "Daar liggen aardig wat uren werk. Ik heb er nog wel een warme band mee. Het is leuk om veel oude bekenden te zien en te spreken. Maar dat is morgen bijzaak'', fertelt Hake. By Emmen stean boppedat trije âld-spilers fan Cambuur ûnder kontrakt: Dennis Telgenkamp, Peter van der Vlag en Anco Jansen.