Minister foar de rjochter om Ljouwerter iikhoarntsjes

22 feb 2018 - 13:54

In groepke Ljouwerter iikhoarntsjes soarget foar safolle opskuor, dat no sels de minister foar de rjochter ferskine moat. It giet om de spesjale Amerikaanske reade iikhoarntsjes dy't yn de Ljouwerter bosk sitte soene. De stichting Platform Stop Invasieve Exoten hat minister Carola Schouten foar de rjochter sleept fanwege de iikhoarntsjes.

De minister is ferantwurdlik foar de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland en dy wegeret neffens it platfoarm de eigener fan de iikhoarntsjes te twingen de bisten te fangen. It platfoarm is benaud dat de Amerikaanske iikhoarntsjes de lânseigen fariant oerhearskje.

(advertinsje)
(advertinsje)