"Polder ûnder wetter sette is kapitaalferneatiging"

It ûnder wetter setten fan polder de Hege Warren is kapitaalferneatiging. Dat fynt boer Wierd de Groot fan Sitebuorren. Hy is ien fan de boeren yn de polder. It ûnder wetter setten fan de Hege Warren is neffens in ûndersyksburo de bêste opsje foar de oanlis fan in bettere farwei nei Drachten.
De boeren binne net samar fan plan om fuort te gean. Se ha de ôfrûne jierren ynvesteare yn nije gebouwen. Se freegje har ek ôf wat de needsaak is fan in bettere farferbining foar frachtskippen nei Drachten. "It giet mar om twa bedriuwen: Kielstra beton en Agrifirm", seit De Groot. "Jo kinne der ek foar kieze om se te ferhúzjen. Want wêrom moat hjir goede lânbougrûn offere wurde foar de yndustry?"
Boer Petrus Arendsz sjocht in ferhuzing ek net sitten: "Ik sit hjir no as boer en ha it fan myn heit oernaam. Myn soan wol ek graach buorkje. It leafst hjir."
Mocht de polder ûnder wetter set wurde, dan ferdwynt in gebiet dêr't guozzen opfongen wurde, sizze de beide boeren. Boppedat tilt it dêr yn de maaitiid op fan de greidefûgels. Dat oan it wetter offerje, soe skande wêze, seit De Groot.