"Ik ging ervoor en kwam opeens als eerste over de finish"

Suzanne Schulting hie der gjin wurden foar. "Dit is echt niet normaal", sei se by de NOS koart nei't se olympysk goud helle hie op de 1000 meter. De Friezin, earder al goed foar brûns op de ôflossing, waard sa mooglik de grutste ferrassing fan it olympyske shorttracktoernoai. "Ik geloof het zelf bijna niet. Ik heb echt geen idee. Ik ging ervoor en kwam opeens als eerste over de finish."
Yn it foar hie se coach Jeroen Otter sein dat har skonken net hiel goed fielden. "Maar ik zei ook dat ik het gevoel had dat het ging gebeuren. Ik genoot al zo dat ik in de olympische finale stond. Dat was al een droom die uitkwam." Schulting woe elkenien betankje. "Zonder het team was ik hier nooit gekomen. En Jeroen, de staf, ik wil ze allemaal bedanken. En mijn vriend en moeder zijn hier," sei se, wêrnei't se it net mear drûch hâlde koe.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.