Suzanne Schulting wint histoarysk goud op 1000m shorttrack

22 feb 2018 - 12:33

Suzanne Schulting fan De Tynje hat tongersdei ferrassend goud wûn op de 1000 meter shorttrack. It is foar it earst dat Nederlân goud wint by it shorttracken. De Friezinne wûn earder al it brûns mei de ôflossingsploech.

Untspannen

Dit ûnferwachte brûns mei de ôflossingsploech like in befrijende wurking te hawwen foar Schulting, dy't tige ûntspannen it iis op kaam foar de finale. Se wie yn dy finale fuortendaliks goed fuort en ried al gau ôfwikseljend op in earste of twadde plak. Mei noch in pear rûntsjes te gean skode se opnij werom nei it earste plak. Njonken in tige sterke rit hie se ek it lok oan har kant, want twa fan har grutste konkurrinten út Súd-Koreä, giene yn ien fan de lêste rûntsjes mei har beiden ûnderút. 

It sulver wie foar de Kanadese Kim Boutin, wylst Arianna Fontana út Italië mei it brûns nei hûs ta giet. 

Unferwachte

De gouden medalje fan Schulting wie tongersdei behoarlik ûnferwachte. Op de oare yndividuele ôfstannen wist de Olympyske debutant noch net te oertsjûgjen yn Gangneung. Op de 500 meter kaam se yn de foarrondes te fallen, en op de 1500 meter bleau it foar de pupil fan coach Jeroen Otter by in heale finale. 

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)