Daan Breeuwsma wurdt tredde yn B-finale 500 meter

22 feb 2018 - 12:29

Shorttracker Daan Breeuwsma is yn de B-finale fan de 500 meter as tredde oer de streek kaam. De rider út Akkrum makke earst in falske start en kaam dêrnei net lekker fuort. Hy ried in lang skoft hielendal achteroan, en koe úteinlik allinnich de nûmer trije ynhelje.

Falske start

Falske starten en efteroan begjinne wie in tongersdei in tema foar Breeuwsma. Sawol yn de kwartfinale as yn de heale finale moast it startskot meardere kearen oerdien wurde. De kwartfinale wie benammen in bysûndere rit. Nei in falske start, giene meardere riders yn it twadde rûntsje ûnderút yn de earste bocht. Om't dit barde foar it kritike punt, mochten alle riders opnij starte.

De Nederlanners Breeuwsma en Hoogerwerf wiene yn de úteinlike rit fan de kwartfinale net goed fuort, en leine fuortendaliks achteroan yn it fjild. Daan Breeuwsma koe lykwols in goeie ynhelaksje meitsje, wêrtroch't er yn it lêste rûntsje fan in fjirde nei in twadde plak ride koe. Hjirmei kwalifisearre er him foar de heale finale. Hjiryn waard Breeuwsma (mei opnij in herstart) lêste, wêrtroch't er útskeakele waard foar de A-finale.

(advertinsje)