Suzanne Schulting nei de finale op de 1000 meter

22 feb 2018 - 12:03

Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje is troch nei de finale fan de 1000 meter. De Friezinne wie yn de heale finale goed fuort en ried al gau yn in rêstich tempo foarop. Mar mei noch trije rûntsjes te riden kamen har konkurrinten yn aksje, en it like der eefkes op dat se bot achterop reitsje soe.

In sterke ynhelrace yn de lêste rûntsje makke it ferskil lykwols goed. Schulting kaam úteinlik as earste oer de finish. Se moat it yn de finale opnimme tsjin fjouwer konkurrinten. 

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)