Suzanne Schulting nei heale finale op 1000 meter

22 feb 2018 - 11:34

Suzanne Schulting is troch nei de heale finale fan de 1000 meter shorttrack op de Olympyske Spelen. Yn de kwartfinale einige se as twadde. Schulting stie op it iis mei Yara van Kerkhof. De beide Nederlânske froulju rieden fan begjin ôf oan om-en-om oan kop, mar dat koene se net oan de ein ta folhâlde. De Koreaanske Shim Suk-Hee kaam as earste oer de finish.

Yara van Kerkhof hat de heale finale net helle, se einige as fjirde. Allinne de bêste twa geane troch. Lara van Ruijven is ek útskeakele yn de kwartfinales.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)