Winst FrieslandCampina nei ûnderen, mar gruttere omset

De omset fan FrieslandCampina is yn 2017 mei tsien prosint omheech gien, dat makke it suvelbedriuw tongersdeitemoarn bekend. De winst fan it bedriuw rûn lykwols mei in tredde part werom. Dat lêste hat neffens FrieslandCampina te krijen mei negative faluta-effekten.
FrieslandCampina jout dêrnjonken meardere redenen wêrom't de winst sa bot weromrûn is. Sa binne de prizen dy't foar de molke betelle wurde moasten yn 2017 omheech gien, wylst de ôfskriuwingen yn Sina en Dútslân gjin geunstich effekt hiene op de winstsifers. Dêrnjonken wie der ek in stiging yn de prizen foar grûnstoffen.
Dat de omset wol omheech gie, komt neffens FrieslandCampina troch hegere ferkeapprizen.