Woudagemaal komt 'gewoan' ûnder stoom yn iiswike

22 feb 2018 - 10:48

Nettsjinsteande de froast wurdt it Woudagemaal by De Lemmer tiisdei neffens planning yn wurking set. Dat meldt Wetterskip Fryslân. It hat gjin gefolgen foar de iisoangroei, omdat it wetter net ôffierd wurdt.

As it gemaal nije wike oanstiet, streamt it wetter der allinnich omhinne. It gemaal stiet trije dagen lang ûnder stoom om it personiel yn de praktyk op te lieden. Dat gebeurt twa kear yn it jier.

De provinsje hat in farferbod ôfkundige om derfoar te soargjen dat it iis goed oangroeie kin. Dat ferbod giet sneon yn, oan de ein fan de middei. It jildt net oeral, grutte farwegen binne útsûndere.

"Gemalen stilsette hat noch gjin doel"

Freedtemoarn beslút it wetterskip oft se de reguliere gemalen stilsette moatte, sadat it iis better oangroeie kin. Salang't de temperatuer oerdeis boppe nul leit, hat dat net folle doel, seit in wurdfierder fan it wetterskip. Wat der nachts oan iis bykomt, ferdwynt oerdeis wer trochdat it no noch sa'n 4 graden boppe nul is, en de sinne al aardich wat krêft hat. 

It wetterskip is no noch drok dwaande om wetter fuort te pompen en tagelyk om in buffer op te bouwen foar de teiperioade nei de froast. Dan moat der ek wer hiel wat wetter fuortpompt wurde. 

Yn Drachten roppe politisy de gemeente Smellingerlân al op om de fonteinen en wetterpompen stil te lizzenyn de parken en yn de Drachtsterfeart, om de kâns dat der riden wurde kin sa grut mooglik te meitsjen. 

Trefwurden: 
Woudagemaal
(advertinsje)