GGZ jout Australyske kursus oer psygoazes en depresjes

22 feb 2018 - 10:35

De Fryske ôfdieling fan de organisaasje foar geastlike sûnenssoarch GGZ begjint mei in kursus earste help by psychyske problemen. It giet om in kursus dy't yn Australië ûntwikkele is en dy't al yn 23 lannen jûn wurdt.

De kursisten leare wat se dwaan moatte as ien slim depressyf is of in psygoaze krijt. Moatte se dan de húsdokter belje, of 112? Elkenien kin de kursus folgje. De kosten binne 275 euro.

Trefwurden: 
GGZ
(advertinsje)