Automobilist rydt hast tsjin praktyk fan húsdokter De Tynje

22 feb 2018 - 09:19

In automobilist is tongersdeitemoarn mei de auto yn de tún fan in hûs yn De Tynje bedarre. Yn it hûs sit in dokterspraktyk. It is net dúdlik wat der krekt gebeurd is. It is ek net dúdlik hoe't de bestjoerder der oan ta is.

De bestjoerder is de dokterspraktyk yn brocht, en waard dêr holpen troch meiwurkers fan twa ambulânses.

Trefwurden: 
ûngelok De Tynje
(advertinsje)