Kramer biedt yn it Koreaansk ekskús oan foar tegelsmiten

22 feb 2018 - 07:50

Sven Kramer hat út namme fan de Nederlânske reedriders ekskús oanbean foar it ynsidint fan woansdei yn it Holland House. De huldiging fan de Nederlânske efterfolgingsmanlju rûn út de hân en twa froulju rekken ferwûne

"We wolle ús oprjochte ekskús oanbiede foar de fans dy't ferwûne rekke binne," skriuwt Kramer tongersdei yn it Koreaansk op Twitter. "Jim kamen om my oan te moedigjen. Ik winskje jimme in goed herstel. Ik sil myn bêst dwaan om yn de takomst better foar de dei te kommen."

Balstjurrichheid

Kramer, Koen Verweij, Jan Blokhuijsen en Patrick Roest lieten de saneamde medaljetegel hurd it publyk yn falle, nei alle gedachten út in soarte fan balstjurrichheid.

It is yn it Holland House tradysje dat de medaljewinners de tegel oan it publyk jouwe. De minsken yn de seal jouwe de tegel dan mei de hannen boppe de holle troch nei achteren. Dêr krijt de plakette in plak oan de muorre, neist dy fan oare medaljewinners.

"Het gaat naar omstandigheden goed met beide dames"

De hiele efterfolgingsploech hat ek ekskús oanbean foar it ynsidint. "We hebben direct na dit voorval contact gezocht met de beide dames die de grote medaille tegen hun hoofd hebben gekregen'', sizze Sven Kramer, Koen Verweij, Jan Blokhuijsen en Patrick Roest yn it reaksje dy't ferspraat is troch sportkoepel NOC*NSF.

"Het gaat gelukkig naar omstandigheden goed met beide dames, die wel erg geschrokken waren. Het zal duidelijk zijn dat ook wij uiteraard nooit de bedoeling hebben gehad om dit te veroorzaken. Dat hebben we hen laten weten en willen we via deze weg ook aan het publiek laten weten.''

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)