Kollum: "De boer en de dierenarts"

22 feb 2018 - 07:22
  • De Toan fan Botte Jellema

"De boer en de dierenarts', sa hjit in nij berneboek dat ôfrûne wykein ferskynde. De boer en de dierenarts wurde ferlyfd op inoar. Ja, twa minsken, twa mannen yn dit gefal, wurde ferlyfd op inoar yn dit berneboek. It boek is in ferfolch op 'Het lammetje dat een vaken is', oer ja, krekt dat. It lamke sit yn in ferkeard lichem.

En ik begryp in gedachte as: 'moat dat no yn in berneboek', mar dêr kom ik sa op werom. De boeken binne skreaun troch in Fries, Pim Lammers, en yllustrearre troch Milja Praagman. De tekeningen binne prachtich en ynnimmend. It ferhaal fan it ûntstean fan it twadde boek is ek aardich. Tekener Milja beseach har eigen tekening yn it earste boek, fan de boer dy't it lamke meinimt nei in diere-arts, en tocht by harsels: se fine inoar leuk! En sa ûntstie it twadde boek.

It nij boek waard presintearre yn de Amsterdamske iepenbiere biblioteek, en waard oanbean oan de foarsitter fan Gay Farmers. Ik wist net dat dat bestie, mar se ha ek in website: Gay Farmers is in klup foar homo's en lesbiennen dy't affiniteit ha mei de agraryske sektor. De foarsitter sei op it poadium dat by harren barre kin wat yn it boek ek bart: in boer en in feedokter dy't wat foar inoar fiele. Se kinne inoar moetsje by de gearkomsten fan Gay Farmers.

Ik fyn it fantastysk dat soks bestiet. Want sa't se sels ek sizze: in coming out is binnen de agraryske sektor soms krekt in wat muoiliker stap. En dan is it hiel noflik om yn 'e kunde komme te kinnen mei gelykstimden. Harren logo is in nostalgysk trekkerke yn it rôze. Ja, dat is noch net sa spannend, mar dêr giet it net om. Gay Farmers helpe inoar om sterker te stean om te wêzen wa't je binne.

Ik fyn it supersympatyk. En ik fyn it noch folle sympatiker dat Pim Lammers it ûnderwerp LHBT oansnijt mei syn berneboekjes.

Want it falt net te ûntkennen dat de homo-akseptaasje der noch net is. Yn de ôfrûne wiken skriuwt kabaretier Youp van 't Hek yn syn kollum yn NRC Handelsblad dat hy fynt dat hy in wurd as 'pisnicht' gewoan brûke mei. Want, sa ferklearret hy, dat hat myn heit my eartiids leard, it is in âld Amsterdamsk skelwurd, en hat neat mei homohaat te krijen.

Mei in pear freonen ha ik opsocht wannear't 'pisnicht' far it earst brûkt waard. Foarearst komme we net fierder werom as 1994 - yn in artikel fan de Groene Amsterdammer, troch hooligans - mar sels as it tsien jier dêrfoar al ûntstien wie, dan noch soe it wurd te jong wêze om troch Youp syn heit brûkt wurde te kinnen.

Twads is it miskien ek net it punt oft hjir homohaat bedoeld wurdt. Feit is dat 'homo', 'gay' en 'nicht' noch altyd skelwurden binne, en it is dúdlik wêr't se oan referearje. Jo meie je wol ôffreegje of 'pisnicht' dan in geskikt wurd is om te brûken as skelwurd, en ik fyn fan net.

Wêr't we as bern mei yn oanrekking komme, is bepalend foar hoe't we nei de wrâld sjogge. En dêrom fyn ik it fantastysk dat der no sa'n boek is oer twa manlju dy't op inoar falle. En nee, dit giet net oer seks, krekt like min as berneboeken mei heteroseksuele stellen oer seks gean. It giet oer in oprjocht en iepen blik op de wrâld.

Ut myn jeugd kin ik my heuge dat - en ik doar it hast net te sizzen - ien dy't smoarch wie of griemde 'turk' neamd waard. Dat dogge we net mear; it is stigmatisearjend, it hoecht net en de tiid giet fierder. Youp begrypt dat mar net. En dêr ha homo's in hiel soad lêst fan. Wol Youp dus echt 'pisnicht' oan de bern fan no leare?

Ik winskje Pim en Milja in hiel soad sukses mei harren skitterjende boekje 'De boer en de dierenarts', en ik hoopje fan herte dat it syn wei fynt nei in soad skoallen, biblioteken en bernekeammerkes. Sadat ús bern opgroeie mei sûne kennis, sûnder foaroardielen en mei in iepen blik."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)