Buorlju moatte wenning ferlitte om fikse brân yn Jorwert

In hûs oan de Jeanbuorren yn Jorwert is skansearre rekke by in brân. De wenning stie leech. De bewenners fan de huzen derneist moasten fanwege de brân harren wenning ferlitte. Dat wie nei healwei fjouweren, yn de nacht fan woansdei op tongersdei.
Fanwege de direkte bebouwing yn de buert fan it baarnende hûs skaalde de brânwacht op nei middelbrân. Tsjin healwei seizen wie de brân ûnder kontrôle. It dak fan de wenning is swier skansearre rekke, en de wenningen dy't der neist stean, ha wetterkea oprûn. De brânwacht wie om seis oere hinne noch dwaande mei neiblussen.
De plysje fan Ljouwert meldt dat de technyske resjerzje ûndersykje sil hoe't de brân ûntstean koe.