Rydbewiis kwyt: jonge rydt mei 112 troch Feanwâlden

21 feb 2018 - 22:21

In 19-jierrige automobilist út Feanwâlden is woansdeitejûn syn rydbewiis kwytrekke, om't er mei 112 kilometer yn de oere troch it doarp ried. De begjinnend bestjoerder ried goed sechstich kilometer te hurd troch de beboude kom.

De plysje hat dêrop syn rydbewiis ynfoardere. Ek is de jonge bestjoerder oanmeld foar in edukative maatregel.

Trefwurden: 
rydbewiis Feanwâlden plysje
(advertinsje)