Jonge diabetespasjinten komme byinoar op ynfojûn yn MCL

21 feb 2018 - 22:05

In lytse hûndert jonge diabetespasjinten kamen woansdeitejûn byinoar yn sikehûs MCL yn Ljouwert om te praten oer wat de sykte foar harren betsjut. De gearkomste wie opset troch it berne-diabetes-team fan Diafrys. Dat is in gearwurkingsferbân tusken de Fryske sikehuzen.

De jûn wie benammen bedoeld foar bern mei diabetes tusken de 12 en de 18 jier en harren âlden. Doel wie te learen faninoars ûnderfiningen. Der wie ek in dokumintêre te sjen dy't makke is troch de stichting Kinderdiabetes.

Trefwurden: 
MCL Diabetes
(advertinsje)