VC Snits wint earste play-offwedstriid nei rûzige wike

De Snitser froulju © AWfoto
De follybalsters fan VC Snits binne de earste wedstriid fan de play-offs om it kampioenskip woansdeitejûn begûn mei in krappe oerwinning op Alterno. Yn Apeldoorn waard it 2-3 yn sets, yn it foardiel fan de Snitser froulju. De setstannen wienen 25-21, 16-25, 25-22, 18-25 en 13-15.
De oerwinning komt op in goed momint foar de follybalsters. Coach Petra Groenland moast dizze wike nammentlik nei acht jier twongen ôfskied nimme fan VC Snits. Se wie by de klup tige suksesfol en wûn ûnder mear twa kear de Nederlânske titel. Ruut de Wit, âld-trainer fan de manlju fan Snits, nimt it dizze wike tydlik oer as coach.