"Hoe't wy ûnderwiis jouwe, dêr moatte we ús foar skamje"

22 feb 2018 - 07:00

Learlingen, âlden en ûnderwizend personiel fan gearwurkingsskoalle De Nijewier yn Tsjalbert hawwe harren nocht. Nei't de skoalle in pear jier lyn fusearre is, sitte de bern en de meiwurkers no noch hieltyd yn in tydlik gebou yn it doarp. En dat foldocht lang net, seit direktrise Alberta Hoekstra. "Hoe't wy hjir ûnderwiis jouwe, dêr moatte we ús foar skamje.

It siicht, der stiet skimmel op de ruten, en der wurdt omraak stookt", seit Hoekstra. "It is net bêst. De húskes fan de beukers binne 'net mear fan dizze tiid', en romte om te bewegen is der eins ek net yn it gebou. In sportseal ûntbrekt. De bern moatte nei bûten. Mar dêr is it in binde. En it skoalplein is te lyts foar 160 bern."

Trefwurden: 
Tsjalbert skoalle De Nijewier
(advertinsje)