Oprop foar fûns om mienskipsprojekten De Friesland te hâlden

22 feb 2018 - 06:00

Der moat in fûns komme foar de mienskipsprojekten fan De Friesland, no't de soarchfersekerder op driget te gean yn Achmea-dochter Zilveren Kruis. Dat fine de steatefraksje fan de PvdA en de PvdA-fraksje yn Ljouwert. Memmebedriuw Achmea soe by de gearfoeging jild beskikber stelle moatte yn in fûns, sadat de projekten foar de Fryske mienskip trochgean kinne. It giet bygelyks om ynnovaasje, mar ek om kuiertochten en kampanjes om minsken ophâlde te litten mei smoken.

Hoefolle jild oft der krekt yn it fûns komme moatte soe, is noch net bekend. Nei alle gedachten giet it om miljoenen euro's. Der wurde al wol kontakten ûnderhâlden mei fersekerder Achmea, mar konkrete petearen oer it fûns binne noch net fierd mei de fersekerder. Oare partijen hawwe yntusken al oanjûn posityf te wêzen oer it plan.

(advertinsje)