LF2018-projekt: Iten bringt froulju byinoar

21 feb 2018 - 22:35

In kanielcake mei pekannuten, blêddaai mei krûdich hakfleis, in apelcake, wraps mei tonyn. Dit is mar in greep út al it iten dat op tafel stie by de earste gearkomste fan it kulturele-haadstêdprojekt Moeders en dochters. Froulju mei ferskate kulturele achtergrûnen - Arabysk, Antilliaansk en Nederlânsk -  út de Ljouwerter Frijheidswyk wurde yn dit projekt byinoar brocht. 

Lucette van den Berg hat it betocht en opset. Iten giet oer identiteit fan minsken, wa't se binne en wêr't se wei komme, seit Van den Berg. Sy wol úteinlik ta in muzykteäterstik mei de froulju komme. Dat sil dan op 5 maaie presintearre wurde. Lucette hopet dat de froulju in ferbinende rol spylje sille yn dizze achterstânswyk mei in soad ferskate kultueren.

(advertinsje)