IIswegesintrale warskôget: Gean net te betiid it iis op

21 feb 2018 - 19:37

Gean takom wike net te betiid it iis op. Mei dy warskôging komt iismaster Sytse Kroes fan it Frysk IIsbûn en de iiswegesintrales. Neffens Kroes sjocht it der nije wike goed út wat de temperatuer oanbelanget. It is posityf dat de farwegen sneon tichtgean, mar dat betsjut net dat it iis oeral like fertroud is.

Kroes ropt elkenien op om nije wike de webside fan it iisbûn goed yn de gaten te hâlden. Der sil op in kaart oanjûn wurde wêr't minsken feilich it iis op kinne. Frijwilligers fan de iiswegesintrale sille it iis mjitte. Dy gegevens komme op de webside te stean.

(advertinsje)