Reedriders ferwûnje by fersin twa fans mei winnerstegel

21 feb 2018 - 18:11

By de huldiging fan de brûnzen medaljewinners fan de ploege-efterfolging yn it Holland House binne twa ferwûnen fallen. Dat barde doe't Sven Kramer, Koen Verweij, Jan Blokhuijsen en Patrick Roest de 'winnerstegel' it publyk yn goaiden. It is de bedoeling dat de winner de tegel optilt en oan it publyk jout. Sy jouwe it dan oer de hollen troch nei efteren, dêr't de plakette ophongen wurdt oan de medaljemuorre.

De riders hiene argewaasje fan it leven yn de seal en smieten út in soarte balstjurrigens de tegel de seal yn. Dat wie krekt wat te hurd. Twa froulju waarden rekke. Ien fan de twa ferwûnen moast mei de ambulânse ôffierd wurde. De oare koe yn it Holland House sels behannele wurde. De skrokken reedriders giene der fuortendaliks hinne om te sjen hoe't it mei de troffen minsken gie.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)