Soad animo foar Help pake en beppe fakânsje troch

21 feb 2018 - 17:36

Der docht dit jier in rekôrtal musea mei oan de aksje 'Help pake en beppe de vakantie door'. De aktiviteitewike yn de maitiidsfakânsje wurdt dit jier foar de 17e kear hâlden. Mei-elkoar 39 musea hawwe harren ynskreaun. Sa goed as alle bekende grutte Fryske musea dogge mei. Bern oant en mei 12 jier meie fergees nei it museum, as sy komme mei pake, beppe of in oare folwoeksene. It tema fan dit jier is 'typysk Frysk'.

Iepenloftmuseum De Spitkeet op De Harkema hat nei oanlieding fan it tema in alvestêdespeurtocht ûntwikkele. De Sûkerei yn Damwâld docht wat mei typysk Fryske spultsjes. Yn Museum Heerenveen kinne bern in eigen Fryske aaiwaarmer meitsje.

(advertinsje)