Ekotún Le Roy krijt mooglik neifolging

21 feb 2018 - 17:18

De ferneamde tunen fan keunstner Louis le Roy op It Hearrenfean en yn Mildaam krije mooglik neifolging op oare plakken. Dielnimmers oan de workshops, dy't woansdei begûn binne, komme oeral wei en hawwe nocht krigen om yn har eigen omjouwing ek sa'n plak te kreëarjen.

Yn de saneamde 'ekokatedraal' mei de natuer syn gong gean en de minsken dogge mei. Alles wat minsken dêr bouwe en dellizze hat syn funksje en wurdt stadichoan ûnderdiel fan de natuer. Minsken, bisten en planten hearre by elkoar, sei Le Roy: "Lit de natuer en de tiid har gong gean".

De gemeente It Hearrenfean hat yn de jierren '60 Louis le Roy romte jûn om de grienstrook oan de Kennedyleane nei syn ideeën yn te rjochtsjen. Yn Mildaam boude hy in eigen tún. Louis le Roy is yn 2012 stoarn, mar Stichting Tijd set syn wurk fuort. Dit jier, it jier fan LF2018, binne njoggen workshops organisearre, ûnder lieding fan Huub Mous en Oeds Westerhof.

(advertinsje)