Hantekens sammelje foar de takomst fan it Frysk

21 feb 2018 - 17:02

Op de ynternasjonale dei fan de memmetaal wie ek de kampanje foar in Europeeske hantekenaksje om mear omtinken foar minderheden en minderheidstalen yn Europa te krijen. De aksje 'Minority SafePack Initiative' is bedoeld om yn hiel Europa in miljoen hantekens op te heljen. Yn Nederlân binne 19.500 hantekens nedich.

Organisaasjes fregen oan minsken om te tekenjen, lykas de provinsje, NHL/Stenden, Tresoar, Afûk, Fryske Akademy, Cedin en SFBO. Yn OBE yn Ljouwert wie in echt 'stimburo', mar it kin ek digitaal. De kampanje rint oant 3 april.

(advertinsje)