LIVE: IepenUP oer robots en technyk

21 feb 2018 - 19:00

By IepenUP prate wy dizze woansdeitejûn oer robots, technyk en de takomst. Binne robots in bedriging, of sille se ús helpe om in moaier en better libben te hawwen? Woansdeitejûn komsto dêr achter, want njonken de oanwêzige sprekkers binne der ek robots yn poppoadium Neushoorn. Der komme medyske robots, battle robots en diy robots. 

Yn Neushoorn is woansdeitejûn ûnder oare Peter Wijninga fan HCSS, The Hague Centre for Strategic Studies, en Frank Slijper, fan fredesbeweging PAX oer killerrobots. Dat binne wapens dy't út harsels sjitte en deadzje kinne. Is dat de takomst? Of sitte wy oan it begjin fan in robogedon, dêr't wy it tsjin ôflizze moatte?

Alles kin yn IepenUP

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)