Geert Kuiper wit net oft er trochgiet as bûnscoach

21 feb 2018 - 16:39

Geert Kuiper út Aldeholtwâlde wit noch net oft er trochgiet as bûnscoach fan de Nederlânske reedriders. Dat sei er nei it sulver fan de froulju by de ploege-efterfolging en it brûns fan de mannen op de Olympyske Spelen woansdei. It net heljen fan goud neamde er "een teleurstelling."

"Ik weet het nu niet. Na de winter ga ik er even rustig over nadenken. Natuurlijk hangt het ook af of de aanbieding komt om het weer te doen'', sei er. "Het heeft me wel heel veel energie gekost. Ik moet me wel afvragen of ik me er opnieuw in vast wil bijten.''

Kuiper fenaam dat it lestich wie om, yn it systeem mei kommersjele merketeams yn Nederlân, te wurkjen oan de efterfolging. "Andere landen nemen dit onderdeel één keer in de week mee in de training, wij doen dat één keer in de maand. We trainen wel veel, alleen vaak niet samen. Het is niet te vergelijken met landen die werken met een nationale selectie.'' Hy hat wol ideeën hoe't it yn de takomst te feroarjen is, mar wit net oft dat bart.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)