Grutte stroomsteuring Snits, sikehûs draait op needaggregaat

21 feb 2018 - 16:29

Yn Snits hat woandeitemiddei in grutte stroomsteuring west. Dy begûn om sawat kertier oer twaen. In soad bedriuwen en ynstellingen waarden troffen. It giet neffens enerzjybedriuw Liander om de postkoades 8601 oant en mei 8605. 

It Antoniussikehûs hie ek lêst fan de stroomsteuring, mar dat hat net foar ûnfeilige situaasjes soarge, sa meldt it sikehûs sels op Twitter. De stroomfoarsjenning waard oernaam troch in needaggregaat.

Trefwurden: 
Snits stroomsteuring
(advertinsje)