Strjitnammebuorden Hylpen krije goede namme

21 feb 2018 - 16:15

In jier nei de ûntbleating wurdt in flater yn in pear strjitnammebuorden yn Hylpen goedmakke. Tusken de Spinhuisstraat en de Dijkweg binne earder buorden delset mei de namme 'de Hòn', mar fuortendalik krige de gemeente dêr kommentaar op. Hylpers sizze wol 'de Hòn', mar dat moat skreaun wurde as 'de Horn', mei in 'r' der yn. Dy 'r' wurdt yn de Hylper taal net útsprutsen, yn it Frysk soe it 'hoarn' wêze, yn it Nederlânsk 'hoorn'.

Meikoarten folgje noch mear oanpassingen fan strjitnammen yn Hylpen. It stik fan de dyk oan de noardkant fan 'de Horn', tusken de Westerdyk en it blauwe KNRM-húske wurdt tenei oantsjut mei 'Seadyk'. It stik dyk oan de súdkant wurdt yn de folksmûle al 'Niiland' neamd. Dizze namme wurdt no ek offisjeel registrearre.

(advertinsje)