De dei fan de memmetaal: tal fan talen sammele

Op de ynternasjonale dei fan de memmetaal hat Miranda Werkman de hiele dei op 'en paad west troch de provinsje om allegear ferskillende talen 'op te heljen'. Se wie by in trijtalige skoalle yn Easterbierrum, prate mei tolken fan Vluchtelingenwerk en mei Roemeenske studinten oan de Hotelskoalle fan Stenden yn Ljouwert. In Frysk jonkje hat yn it Arabysk tellen leard. Troch dizze dei krijst respekt en begryp foar elkoars taal. Undersiker Lysbeth Jongbloed ûntduts dat Friezen om utens mear it Frysk brûke as earder en dat komt benammen troch ynternet en sosjale media.
20 talen
Op it antwurdapparaat koenen minsken de sin "Rinne, sykje wêr't ik hinne sil. Fiele dat ik oeral wol wêze wol. Mar altyd wer thús komme sil" ynsprekke. Dat is yn in grut ferskaat oan talen dien, mei elkoar tweintich: Frysk, Liwwadders, Spaansk, Grinslannersk, Papiamintsk, Yndonezysk, Biltsk, Sweedsk, Poalsk, Mahabar, Tygrinja, Arabysk, Frânsk, Stellingwerfsk, Roemeensk, Sineesk, Amelanners, Snekers, Harnzers en Dútsk.
Favorite wurd
Ek dienen we in oprop op Facebook foar it favorite wurd yn jo memmetaal. Dêr kamen tal fan reaksjes op, de measte yn it Frysk. In pear foarbylden: sykhelje, knoffelich, krebintich, opsokkebalje, potferjanhinnekont, skytskoarje, bargebiten, sabeare, bjusterbaarlik, earrebarre, omkoal, amerijke, bolbjirken en poppeslok. Der kaam ien Biltsk wurd binnen: maisy (famke dus).