Ried fan Steat: Utrit winkel Grou net ûnfeilich foar fytsers

21 feb 2018 - 16:00

De yn- en útrit oan de J.W. Visserwei yn Grou dy't supermerk Lidl oanlizze wol by de nije winkel is net ûnfeilich foar fytsers. Ta dat oardiel kaam de Ried fan Steat, sa waard woansdei bekend. Lidl hie fan de gemeente Ljouwert in fergunning krige foar nijbou fan de winkel, oan de krusing J.W. de Visserwei/Oedsmawei. Bewenner Pieter Bokma fan de Stasjonswei tekene beswier oan en stapte nei de rjochter. Hy is net op de bou fan de nije supermerk tsjin, mar is wol bang foar ûngelokken mei fytsers. Neffens Bokma kin it ferkear better oer de Oedsmawei laat wurde.

Mar neffens de Ried fan Steat koe hy de ûnfeiligens net genôch bewize.

Trefwurden: 
Grou Ried fan Steat Lidl
(advertinsje)