Plysje docht tsjûge-oprop deadlik stekynsidint yn Ljouwert

21 feb 2018 - 15:46

De plysje komt mei in oprop foar fjouwer minsken dy't nei alle gedachten mear sjoen hawwe fan it deadlik stekynsidint op it Jacobijnertsjerkhôf yn Ljouwert, op tiisdeitejûn 10 oktober 2017. Foarbygongers troffen it 35-jierrige slachtoffer doe mei slimme ferwûningen oan op strjitte. It die bliken dat er delstutsen wie. De helptsjinsten waarden oproppen, mar letter is it slachtoffer dochs oan syn ferwûningen ferstoarn.

Deis dêrnei is in 38-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan belutsenheid by dizze saak en sit noch altyd fêst. Wilens is it ûndersyk noch altyd geande. It plysjeteam wol no graach yn kontakt komme mei trije fytsers en in fuotgonger. Sy binne te sjen op kamerabylden dy't makke binne yn de Monnikemuurstraat. Op ynternet hat de plysje bekendmakke hoe't de foarbygongers der út sjogge. Dêr binne ek de kamerabylden te sjen.

(advertinsje)