Steateleden ha soargen oer Fryske lessen op basisskoallen

21 feb 2018 - 14:29

De provinsje moat kritysk besjen oft de miljoenen dy't útjûn wurde oan Fryske lessen yn it basisûnderwiis wol goed bestege wurde. Dat fynt fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD yn Provinsjale Steaten. Mar op 28 prosint fan de 412 basisskoallen yn Fryslân wurdt goed genôch Frysk jûn, sa docht bliken út in ûndersyk fan NHL/Stenden yn opdracht fan de provinsje. Trije op de fjouwer skoallen sjitte tekoart by it skriuwen, lêzen en harkjen fan Frysk.

Deputearre Poepjes seit dat it yn de takomst absolút better wurde sil. In kritysk ûndersyk fan de ûnderwiisynspeksje út 2010 jildt as 'nulmjitting'. Dêrnei binne saken oppakt, seit se, sa as it 'learlingfolchsysteem' dat no ferplichte is. It is dreech omdat de problematyk op alle skoallen oars is. Sa is der op de iene skoalle in tekoart oan Fryske dosinten, en op wer in oare skoalle wolle âlden eins gjin Fryske lessen, jout Poepjes as foarbyld.

Trefwurden: 
ûnderwiis Frysk
(advertinsje)