Brûns foar de manlju by de ploege-efterfolging

21 feb 2018 - 14:17

De mannen fan de ploege-efterfolging ha woansdei brûns wûn op de Olympyske Spelen yn de finale tsjin de Nij-Seelanners. Nei in falske start troch Patrick Roest wienen de mannen rap fuort en bleaunen oan kop. It ferskil mei de tsjinstanner rûn hieltyd fierder op.

Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Patrick Roest wienen yn de heale finale net rap genôch yn har rit tsjin de Noaren en moasten dêrom stride om it tredde plak. De finale gie tusken Noarwegen en Súd-Koreä. It goud wie úteinlik foar de Noaren mei mear as in sekonde ferskil.

"We hebben verloren van de winnaar," sei Sven Kramer tsjin de NOS. De Noaren rieden twa kear in fantastyske tiid. Oer de fear sei er "Zoiets wil je niet in de halve finale op de Olympische Spelen, dat is verre van ideaal." 

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)