Fryske plysjes binne drok mei drank en drugs

21 feb 2018 - 13:57

In 38-jierrige bestjoerder fan De Jouwer is woansdeitemoarn oanhâlden omdat er mei drugs op achter it stjoer siet. De man teste posityf op twa soarten drugs. Syn auto wie net fersekere. Der is proses-ferbaal opmakke.

In 50-jierrige frou út Ljouwert is tiisdeitejûn har rydbewiis kwytrekke. Plysjes seagen har riden yn de Engelsestrjitte. De frou hie fierstente folle drank op en siet mei in ûnjildich rydbewiis achter it stjoer. 

Trefwurden: 
drank drugs
(advertinsje)