Sulver foar de froulju by de ploege-efterfolging

21 feb 2018 - 14:01

Sulver foar de trije Friezinnen. Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Antoinette de Jong ha woansdei de finale op de Olympyske Spelen de ploege-efterfolging ferlern fan de Japanske rydsters. Fan it begjin ôf leinen de Oranjefroulju oan kop, mar flak foar de ein wienen de Japanners flugger en kamen as rapste oer de streek.

"We waren er echt klaar voor, als team. Jammer dat we het niet waar konden maken," sei Antoinette de Jong nei de race tsjin de NOS. "Ik ben heel trots op het team, we hebben het met z'n allen gedaan." Ireen Wüst wie noch wol teloarsteld, mar "vanavond hebben we wel feest." Ek Marrit Leenstra sei dat se genietsje soe fan it feest "We gaan proberen ervan te genieten."

It brûns wie foar de Amerikaanske ploech, mei dêryn Heather Bergsma. De Kanadezen einigen as fjirde.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)