Janneke Brakels makket in cover fan 'De âlde boekebeam'

Herman moest naar Brada, Blonde Alien en I saw the light binne in pear fan de bekendste nûmers út it repetoire fan Pigmeat. It Fryske folksduo bestie út Sytse Haima en Jan Seunnenga en stie bekend om harren strjitmuzikantestyl. Tsien jier lyn is Pigmeat der mei ophâlden, mar no is ien fan harren bekendste nûmers De âlde boekebeam yn in nij jaske set troch Janneke Brakels foar ús muzykrubryk.
Muzykrubryk
Yn de muzykrubryk fan Omrop Fryslân daget presintator en sjonger Raynaud Ritsma Fryske artysten út. Se krije as opdracht in ferske út de Fryske Top 100 te coverjen. In ferske dat fier fan harren eigen styl ôf stiet. Mei as doel: nije nûmers kreëarje en in oare blik op Fryske nûmers.
Alde boekebeam
De âlde boekebeam is skreaun yn 1997. Pigmeat wie mei in nije cd dwaande en Sytse woe dat it harren earste twatalige CD waard. "In miks fan Fryske en Nederlanske nûmers. Dêrom hat ik doe myn earste Fryske nûmer skreaun: de âlde boekebeam." It ferske giet oer prate mei beammen: En ik mar harkje nei de âlde boekebeam, fertel my in ferhaal wêr't ik plat foar gean. En ik mar harkje nei de âlde boekebeam, mar al wat hy fertelde, ik koe it net ferstean.
"De oanlieding wie eins hiel simpel. Prinses Irene wie yn dy tiid in soad yn it nijs oer har leauwe yn 'New Age', in astrologyske beweging. Sa skreau se ek it boek Dialoog met de natuur." Sytse fûn dat mar apart en fûn dat dêr wol wat Fryske nuchterheid oerhinne koe. It nûmer is troch de jierren oppikt en stiet no op nûmer 38 yn de Fryske top 100.
Sjoch foar alle covers fan de muzykrubryk op: omropfryslan.nl/muzykrubryk