Provinsje stelt farferbod yn om iis groeie te litten

21 feb 2018 - 13:22

Om derfoar te soargjen dat it iis goed groeie kin, stelt de provinsje op sneon 24 febrewaris in farferbod yn. Dat meldt de provinsje yn in foaroankundiging. It ferbod is ek nedich om wâlskanten en kaaien te beskermjen. It farferbod giet sneontemiddei yn om 17:00 oere. It is foar it earst yn mear as fiif jier dat der in farferbod ynsteld is. 

De provinsje freget oannimmers om it driuwend ark út it wetter te heljen. It ferbod jildt net foar alle Fryske wetters, ûnder oare it Van Harinxmakanaal en farwegen nei Snits, Drachten en It Hearrenfean binne útsûndere. 

Gemalen draaie foarearst troch

It wetterskip lit witte dat it wetterpeil op dit stuit omheech brocht wurdt. Dat soe in positive ynfloed hawwe op de iisoangroei. De gemalen binne noch net stilset. Dêr wurdt freedtemoarn in beslút oer naam op basis fan it aktuele waarbyld. 

"Russyske kjeld oant begjin maart"

Waarman Piet Paulusma seit dat der kommende wike op natueriis riden wurde kin. Neffens him komt der yn de nacht fan snein op moandei kâlde lucht út Ruslân wei ús kant op.

Paulusma ferwachtet winterwaar mei yn de nacht matige oant strange froast, mar ek oerdeis temperatueren ûnder it friespunt. De kâlde perioade kin oant begjin maart oanhâlde, tinkt Paulusma. Hy hat it oer in serieuze winterperioade.

Trefwurden: 
farferbod iis
(advertinsje)