Skûmfabryk leit produksje diels stil fanwege gifstof

21 feb 2018 - 13:05

Skûmfabrikant Avek Foam yn Surhústerfean hâldt op mei de produksje fan lichte skûm foar ûnder oare túnmeubels en matrassen. By de produksje is tefolle giftige stof frijkaam. Dat docht bliken út mjittings. Ien kear yn de wike komt der in oere lang methyleenchloride frij by it meitsjen fan de lichtste soart skom. By de miljeufergunning dy't Avek Foam krige yn 2016 wie de eask dat de útstjit oan in noarm foldwaan moast. En by mjittings yn augustus ferline jier wie de útstjit boppe dy noarm.

Gjin gefolgen folkssûnens

GGD Fryslân hat sjoen wat de gefolgen binne foar de folkssûnens. Miljeudokter Gea de Meer fan de GGD jout oan dat der gjin risiko foar de omjouwing west hat. "Methyleenchloride kan bij inademing van grote hoeveelheden leiden tot verdoving en het verliezen van bewustzijn, maar slechts bij grote hoeveelheden. We hebben gekeken naar de mate van verspreiding en geconcludeerd dat er geen gevaren voor de volksgezondheid waren."

Oare grûnstoffen

Neffens direkteur Roelf Kok hawwe ek de wurknimmers nea yn gefaar west. Avek hâldt dochs op mei de produksje en bout dy yn seis wiken tiid ôf om sa klanten net foar it blok te setten. Tsien persint fan de produksje wurdt no stilset. "Dat is foar Avek wol in klap, mar we kinne it opfange. En troch nije produkten te ûntwikkeljen mei oare grûnstoffen as methyleenchloride, kinne we dochs fierder", sa seit direkteur Kok.

Trefwurden: 
GGD Surhústerfean Avek
(advertinsje)