Manlju fan ploege-efterfolging net troch nei finale

De mannen fan de ploege-efterfolging ha woansdei de heale finale ferlern fan de Noaren op de Olympyske Spelen.
Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Patrick Roest moatte it no opnimme tsjin de Nij-Seelanners dy't yn de heale finale ferlearen fan de Koreanen. Roest hie it plak fan Koen Verweij ynnommen dy't yn de foarronde ried. De Oranje mannen moatte no stride foar de brûnzen medalje.
De tiid wie goed, mar net goed genôch, sei bûnscoach Geert Kuiper nei ôfrin tsjin de NOS. Nei acht rûntsjes wie it ferskil 1.38 sekonden. Hy sei dat se maleur mei it materiaal hienen. "De veer in een schaats van Jan Blokhuijsen knapte meteen bij de start. Dat scheelde onmiddellijk drie tiende van een seconde en dat hebben we niet meer goed kunnen maken. Alle credits echter aan de Noren, die een geweldige tijd hebben neergezet."
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.