Froulju fan ploege-efterfolging troch nei finale

21 feb 2018 - 12:14

De reedrydfroulju Ireen Wüst, Lotte van Beek en Antoinette de Jong ha woansdei op de Olympyske Spelen yn de heale finale fan de ploege-efterfolging wûn fan de Amerikaanske ploech, mei dêryn Heather Bergsma. De Oranje froulju hienen har mei in nij Olympysk rekôr foar de heale finale pleatst.

Yn de finale moatte se it opnimme tsjin de Japanske rydsters dy't de rit tsjin de Kanadezen wûnen.

Neffens assistint-bûnscoach Rutger Tijssen wie it riden net mear as in formaliteit. "Na 200 meter gaven de Amerikanen het al op'' sei er tsjin de NOS. "Ze gingen zich al op de strijd om brons richten. Het was duidelijk dat het gas eraf ging. De rest was een formaliteit. Leuk is een wedstrijd op deze manier niet.''

Hy joech oan dat Marrit Leenstra hast wol wis weromkomt yn it team foar de finale.

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)