Minister wol fertrouwen weromwinne mei útstel 'Lelystêd'

21 feb 2018 - 12:01

Minister Cora van Nieuwenhuizen wol har ynspanne om it fertrouwen werom te winnen dat se ferlern hat yn it dossier fan Lelystad Airport. Dat hat se sein yn de parsekonferinsje dy't se útroppen hie om bekend te meitsjen dat se de útwreiding fan it fleanfjild mei in jier útsteld hat. Under maksimale druk it fleanfjild yn 2019 iepenje, is net ferantwurde, sei se. 

"Ik wil het zorgvuldig doen en vind het realistisch om uit te gaan van 2020'', stelt Van Nieuwenhuizen. Se wol "minder hinder". Foarôfgeand oan de parsekonferinsje wie al nei bûten kaam dat de minister de útwreiding útstelle soe

"Nije oanfleanrûtes goed foar De Lemmer"

De minister fertelde ek dat de oanfleanrûtes oanpast binne, nei oanlieding fan de protesten dy't der west ha. De nije rûtes, dy't oant 2023 brûkt wurde sille, binne ûnder oare foar De Lemmer in ferbettering. Der soe net mear oer de binnestêd flein wurde. Nei 2023 wurdt it loftrom opnij yndield. 

Der hat in protte wjerstân west tsjin de útwreiding, ek yn Fryslân. Minsken binne bang foar lûdsoerlêst troch de foarstelde fleanrûtes. En der binne ek flaters makke mei de lûdsberekkeningen. 

It fleanfjild fan Lelystêd moat fakânsjeferkear fan Skiphol oernimme. Lelystêd soe op 1 april 2019 yn útwreide foarm iepengean, mar dat wurdt op syn minst in jier letter.  

(advertinsje)