Edou Hamstra opnij beneamd yn Provinsjale Steaten

21 feb 2018 - 11:20

De 23-jierrige Edou Hamstra fan Eastermar is woansdei foar de twadde kear yn in moanne tiid ynstallearre as lid fan Provinsjale Steaten foar de PvdA. Op 24 jannewaris kaam se as tydlik ferfanger fan de sike Harry Balgobind yn de Steaten. Se is op 'e nij beëdige as fêst lid yn de PvdA-fraksje, om't Wanda Ottens oerstapt nei de gemeentepolityk op It Hearrenfean. Riek van der Vlugt fan 'e Lemmer nimt it tydlike plakje fan Balgobind oer.

Kommissaris fan de kening Arno Brok hat frou Hamstra op 'e nij ynstallearre. Hy hat advys frege oft dat nedich wie, mar dêr is noch gjin helderheid oer. 

(advertinsje)