"Polder ûnder wetter sette is it bêste foar Drachten"

De polder de Hege Warren by Aldegea Smellingerlân wurdt mooglik ûnder wetter set. Dat is de bêste oplossing foar it ferbetterjen fan de farwei nei Drachten, neffens in rapport dat opsteld is yn opdracht fan de provinsje.
In nij kanaal grave is neffens de opstellers fan it rapport, yngenieursburo Procap, gjin goede oplossing. Dat is fierstente djoer.
Der is net allinne sjoen nei de rûte nei Drachten, mar ek nei de farrûte nei It Hearrenfean. Procap skriuwt yn it rapport dat it opwurdearjen fan dy rûte te djoer is en net út kin. In soe it bêste wêze om oan it PM in oerslachterminal foar kontenerferfier te bouwen.