Jonge frou (25) nei it sikehûs fanwege mishanneling

21 feb 2018 - 11:03

In 29-jierrige Ljouwerter is oanhâlden foar in mishanneling yn de Willem Loréstrjitte yn de stêd. It slachtoffer is in 25-jierrige frou út de gemeente Waadhoeke. De frou moast nei it sikehûs. De Ljouwerter is oanholden yn de nacht fan tiisdei op woansdei. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
mishanneling
(advertinsje)