Slingerjende fytsbrêge wurdt fêstset

21 feb 2018 - 10:43

De fytsbrêge oer de Noarderhegewei yn Drachten wurdt fan kommende sneon ôf fêstset. De brêge is dêrom sneon ticht. Fan snein ôf is de brêge wer iepen. De wurksumheden duorje sa'n 4 wiken.

De brêge, mei de namme De Slinger, slingeret. Hy is net mear stabyl. De kabels dêr't de brêge oan hinget, binne te slop wurden. Dêrtroch kin er út balâns reitsje.

De brêge is ek foar in part ferskood. Oannimmer Jongema út Drachten sil de brêge earst mei help fan krikken op it goede plak dellizze en dêrnei de kabels fernije of ynkoartsje.

(advertinsje)