Dei fan de memmetaal: Sprek de sin yn!

Op dizze dei fan de memmetaal ûndersiket ferslachjouwer Miranda Werkman hoefolle ferskillende memmetalen oft yn Fryslân praat wurde en se lit ek hearre hoe't dy klinke. Se giet ûnder oare nei in trijetalige skoalle yn Easterbierrum ta. Harkers kinne aktyf meidwaan troch in sin yn har eigen memmetaal, as audioberjocht, yn te sprekken op it antwurdapparaat (058 7009 777). "Myn doel is om mei safolle mooglik memmetalen werom te kommen."
De sin is:
"Rinne, sykje wêr't ik hinne sil. Fiele dat ik oeral wol wêze wol. Mar altyd wer thús komme sil"
Alle talen meie, dus it kin Hylpersk wêze, Biltsk, mar ek Turksk of Sineesk. Op itselde telefoannûmer kinne jo ek tips trochjaan oer hoe't wy yn kontakt komme kinne mei minsken yn Fryslân dy't in bysûndere memmetaal sprekke.
Yn 2000 is de dei fan de memmetaal yn it libben roppen troch de Unesco, om de taal te fieren en it kulturele ferskaat.
Talen op skoalle
Op de skoalle De Flambou yn Easterbierrum prate Miranda Werkman mei de bern. Neist Ingelsk, Frysk en Nederlânsk wurde der noch mear talen praat. Der sitte bern op skoalle dy't Arabysk, Sweedsk en Biltsk prate kinne. De juf fertelt dat al dy talen der wêze meie op skoalle en dat se brûkt wurde yn de lessen. "We ha respekt foar elkoars taal."
Middeis wie Miranda Werkman by Stenden dêr't in soad ynternasjonale studinten binne. Se prate mei twa Roemeenske studintes. Se learde fan har it Roemeenske wurdsje 'da' en dat bestjut 'ja'.
Friezen om utens
It is ek de dei dat it projekt Friezen om utens yn premjêre giet. Dêryn befreget Miranda Werkman Friezen om utens nei wat ôfstân mei har docht en wat it Frysk dêryn betsjut. "Taal is ek gefoel, as it emosjoneel wurdt komt de memmetaal wer boppe. Ien fan de fragen dy't hieltyd weromkomt, is op watfoar momint langest it meast nei thús."